Uw zoekacties: Films en geluidsopnames

Films en geluidsopnames ( Fries Film en Audio Archief )

beacon
1  films en geluidopnames
sorteren op:
 
 
 
 
Geluidsopname
AV0023FLMD Merten Bakker, 1970
Datering:
1970
Titel Frysk:
Merten Bakker
Serie:
Interviews Jongfryske Mienskip
Inhoud:
JFM smiet kneppel yn it hinnehok, wy woene wat nij ljocht bringe. JFM kontra âld selskip: 1915-1916 sieten se elkoar yn it hier, benammen Douwe Kalma en Jan Jelles Hof. Yn it persoanlike: muoike Ibeltsje Kaastra-Bakker (1865-1923), lang net mei iens, ik kaam dêr net mear oan hûs. Boun fan Jongfryske Selskippen: organisaasje fan jongereinferienings. 1. Fryske Skoalle te Raerd; 2. selskip Under It Fryske Findel (UIFF) te Snits; 3. selskip De Fryske Flagge te Ljouwert; 4. selskip Us Tael te Grins; 5. selskip Jong Fryslân te Hearrenfean; 6. it Rotterdamsk Selskip fan Jongfriezen. Byninoar gien yn it Boun, dat Boun is letter yn syn gehiel oergongen nei de JFM, dêrtroch waarden wy automatysk lid fan de JFM. Tydskriften: steane no net mear sa ticht by de minsken as yndertiid Sljucht en Rjucht. Frysk en Frij: bliid mei nei de oarloch, hat it net bolwurkje kind, te min advertinsjes. Frisia wie in hiel moai blêd, joech romte oan de 'hausse' oan dichtkeunst, wie foarrinder fan de Holder en de Tsjerne, nei Bakker syn betinken. Frysk eigene: 'Ik fiel dat it der noch is'. Fryske folk: 'It stamferbân sit der noch yn, en it demokratysk fielen'. JFM, Fryslân en de wrâld: Bakker tinkt dat Kalma Fryslân seach yn it ramt fan de mienskip fan folken. Ynfloeden fan bûten. Ynfloed fan de Tachtigers. Nije skriuwerij. Skriuwers dy't Bakker oanstiene. Polityk en libbensskôging: Bakker wie wat links, net tsjerks, wol humanistysk. Kalma wie nei syn idee frijsinnich demokraat. Lestich yn te skatten. Troelstra syn revolúsjesinjaal hie hy sympaty foar. Saxo-Frisia en NSB moast Bakker neat fan ha. Altyd spitich fûn dat Douwe Kiestra NSB'er waard, trof him nei de befrijding doe't er fêstsiet, 'ien fan myn minste ogenblikken'. Weromsjend op JFM: oardiel Bakker posityf. 'JFM hat de geasten wekker makke, perspektyf jûn oan de Fryske striid. En it hat fertuten dien: learstuollen oan universiteiten, twatalich nûnderwiis, mear jild foar kultuer, troch ynfloed JFM.'
Ynhald:
Merten (ek Marten of Metten) Bakker te Akkrum fertelt oan de hân fan in fragelist oer syn oantinkens oan de Jongfryske Mienskip.
Oant 1920 by JFM west, doe nei Gelderlân. (Doetinchem, letter winkelman yn Aldeboarn, doe 40 jier boekhalder by FCE yn Akkrum.) Thús Fryske tydskriften lêzen. By JFM kommen troch tadwaan fan Sjouke de Zee, dy't er koe fan wegen de ûnthâlding. Tiid fan idealisme nei 1900. Fryske beweging: it behâld en fersterkjen fan it folksbestean, benammen de taal. Douwe Kiestra wie neffens Bakker beskieden man, mar suver yn ideeën oangeande it Frysk en it Fryske folksbestean. Albert van der Hem wie 'de man fan de drege sonnetten'. Untstean JFM. Kultuer waard net folle oer praat. Gjin praat oer sjauvinisme, oer ôfskieding, mar wy woene ús rjochten ha. Kalma lei de klam op it ynternasjonale en wie foarstanner fan it Grut Fryslân fan Harmen Sytstra. Bakker ferliket Kalma mei Tony Feitsma: liedende figuer dy't in bepaald rjochting foar eagen hat mar net altyd elk mei krijt, dat jout wriuwing. Bakker yn 1920 nei Gelderlân rekke, idee dat JFM letter wat ferwettere is. Subgroepen? Jongereinclubs, Boun fan Jongfryske Selskippen, binne opgien yn JFM. Fryske Skoalle hat noch stimd oer talitten fan froulju. Aaltsje Hannema en Pytsje Radsma lid wurden fan Fryske Skoalle. Persoanlike kontakten en freonskippen. Briefke mei Jelle Brouwer, Kiestra, Kalma. Oardiel oer foaroansteande Jongfriezen: Jelle Brouwer kalm, ynteger. Douwe Kalma: geastlik lieder, wittenskiplik ûnderlein, fûl, net maklik yn de omgong, 'stie fier boppe ús allegear'. Wike Zijlstra, ûnderwizeres Boarn, adorearre Douwe Kalma. Marten Scholten wie puristysker, mijde hollanismen en brûkte minder gewoane Fryske wurden. Nije stavering 1980 op kommendewei: oer yn de knoop mei 'muoike Jant', myn suster (= Jant Visser-Bakker berne 1906), sy fielt wol foar de nije stavering, M. Bakker net. Sa'n moaie taal, koar: Fryske ferzy fan Du Hirte Israels, Bortnianski ('Treast o treast').
dichter:
Merten Bakker (Marten) (Akkrum, 8-5-1898 - 6-3-1992)
Maker:
interviewer mogelijk Th. de Boer
Opdrachtgever:
Ynteruniversitêre Stúdzjeried Frysk
Bronformaat:
Bandrecordertape ¼ inch
Tijdsduur:
04:01:35
Collectie:
Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum